Toanielferiening ONF Oerterp spilet:
‘De kat yn de kelder
Bêste toaniel leafhawwers,
Us foarstellingen bin west!
It sit der op, wy hawwe trije prachtige foarstellingen hân fan
De Kat in de kelder foar in entûsjast publyk. No is it dekôr ôfbrutsen en it poadium wer leech.Op 22 maart meie wy noch in kear optrede foar Krite it Hearrenfean yn It Hôf fan de Kening. Dejenigen dy ús foarstelling mist hawwe en him dochs graach sjen wolle binne wolkom.
Freedtejûn 22 maart, we begjinne 20:00 oere.
Foar kaarten graach in mail nei onfoerterp@gmail.com
of in telefoantsje nei 0625211297
Wy gean wer los mei ús útfierings yn it earste wykein fan febrewaris en der binne wy tige bliid mei. Wy hoopje jimme dizze kear te fermeitsjen mei in klucht. Wy binne ek tige bliid mei dat ús erelid Jaap Meinsma ek wer mei docht.
Fierderop mear oer de spilers en de rollen dy’t sy spylje.
It stik hjit:
“De kat yn de kelder"
fan Pol Anrys en oerset troch Gurbe Dijkstra
De kat yn de kelder
Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ' soere' suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy't wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de 'jackpot' wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy 't by it graven frijkomt. Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy 't de drilboar makket? Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út 'e hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy 't te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine om de kat dy 't samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat as Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad? De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.
De rezjy is yn hannen fan Tineke Nicolai.